Close

Jistrum Bloeit!! 2025

Saterdei 23 augustus om 14.00 wie it dan safier, it MFA waard iepene. Wat in opkomst! Wat wienen d’r in soad minsken, om pikefel fan te krijen. Wethâlder Tytsy Willemsma ûntbleate mei it DOM bestjoer de namme fan it MFA, De Trochset. De útlis fan de namme en it ûntwerp kinne jo fierderop yn dit Oksenijs lêze. Nei it pleatsen fan de tiidkapsule koe eltsenien nei binnen om in toast út te bringen yn de grutte seal wêr ek de earste optredens wiene. Streetdance liet in moai optreden sjen. Melle Leegstra hat in nij liet song oer it MFA, prachtich hoe alles hjiryn werom komt. Net eltsenien hat it ferske hearre kint omdat de seal te fol wie, dus wy hoopje dat wy it ferske nochris te hearren krije, dat sil fêst wol. Neidat eltsenien troch it hiele gebou west wie, waard de doar efkes ticht dien om wer gau iepen te gean omdat it dizze dei ek de start wie fan de bloeiwike Jistrum Bloeit!

Jûns wie d’r in optreden fan Joost Wiersma, de seal wie moai fol. Nei it optreden waard de seal klear makke foar de snein. De PKN hie in hiel programma gearstalt, in moarnsbrochje (de hoareka wie te lyts, mar yn de grutte gong koene ek hiel wat minsken oan de lange tafels sitte). Dêrnei wie d’r in tsjinst mei de echte Zandtovenaar, doe noch in brunch en een seiskamp wêr ek in soad oan mei dienen.

Op de webside https://jistrum.bloeit.frl/ kinne jo noch folle mear foto’s fan de bloeiwike fine.

Minsken, wat ha wy mei elkoar in machtich moaie bloeiwike hân, in soarte fan doarpsfeest sûnder kater. Wy ha dit mei elkoar dien! Want wat in opkomst (hieltyd wer) by de aktiviteiten, minsken dy’t kamen te sjen as gewoan om in bakje kofje. En ús jongerein dy’t sich ek sa ynsetten ha, dat is de takomst! Minsken ha elkoar moete, wat in mienskip en je praten ek mei oaren wêr je oars net sa gau in praatsje mei ha.
Eltsenien hat ek wol yn ús moaie MFA De Trochset west wêrtroch it ek echt fan ús allegear is.

Hjirby dan ek tige tank foar jim kommen, meidwaan en ek alle help fan de frijwilligers, ek yn de wiken dêrfoar mei alle tariedings yn it MFA.
Dizze bloeiwike hat opnij sjen litten wêr in lyts doarpke oergrislik grut yn wêze kin!!

De sneintejûn wie d’r in ‘ien kear kampfjoerkoar’. D’r wie net sa folle opjefte, mar ûnderling waard drok praat, “ach, kom ek even, gean ek even hinne, dan gean ik ek”……En wat wie it prachtich! Mei sa’n 40 minsken sjong rûnom it fjoer. Ek de jongerein wie wer goed fertsjinwurdige. Miskien ha jim it sjongen wol heard.

Moandei tsjin 8.30 wie de offisjele iepening fan de nije skoalle. De bern mochten nei de simmerfakânsje foar it earst nei de nije skoalle, wat is it moai wurden, in feestje om nei skoalle te gean.

Middeis wie d’r yoga foar de bern yn de sportseal en yn de soos koene bern oan ynstruminten priuwe wêr se in soad wille hienen en foar it earst in ynstrumint bespylje koene.

Ein fan de middei wie d’r in ôffalpraatsje troch Omrin, hjir wie de opkomst net hiel grut, mar de minsken dy’t d’r wienen koene ûnder oare mei in VR bril ôffalferwurking fan tichtby sjen. Moandeitejûn wie de Jistorische rintocht, in moaie groep minsken ha de tocht rûnom ús moaie doarp makke. Ek wie d’r in iepen folleybal les en yn de grutte seal koene je wille ha mei de Snieskeppers. Wille wie it seker! Nei een bysûndere foarstelronde en efkes waarm wurden, koe it nije talint oan de slach. It wie prachtich om te sjen hoe’t de Snieskeppers eltsenien oan it toanielspyljen krigen.

Tiisdeimoarn kaam d’r in groep froulju yn de hoareka om mei elkoar blommen te filten fan wol. Wat moai om te sjen dat dizze groep mei elkoar dwaande wie dyst oars net by elkoar sette soest, mar dy’t sa gesellich by elkoar wienen. Sa lear je elkoar ek kinnen: “mar wêr wennest do dan? No, yn it hûs wêr froeger dy en dy wennen.” Sa komme jo ta bloei mei elkoar.

Middeis koene de bern mei Jan van der Sluis nei it wetter om te sjen wat dêr allegear wol net yn libbet, de bern (mar ek de âlders dy’t mei wienen) fûnen it tige nijsgjirrich.

Ek wie d’r yoga tusken de alpaca’s, wat in moaie erfaring! Hearlik ûntspanne yn de bûtenloft! Dêrnei koene se nei de sûnensmerke by it MFA.
En doe de tiisdeijûns, wat in opjefte foar it country line dance! Sa’n dik 60 minsken wiene d’r om mei elkoar te dûnsjen. Eltsenien wie moai oanklaaid yn country style. D’r kamen ek noch hiel wat minsken te sjen en it wie dan ek tige slagge.

Woansdeitemoarn wie it alwer betiid drokte yn de Trochset. It ûndernimmersbrochje wie om 7.30; in hiel soad ûndernimmers yn Jistrum iten mei elkoar in moarnsbrochje. D’r waard hiel wat bepraat en wy hoopje dat hjir in ferfolch oan jûn wurd, de gelûden binne posityf.

Doe’t de lêste iters krekt de doar út wienen kamen de einekoerflechters nei it MFA om ûnder begelieding hun eigen einekoer te flechtsjen. Wat in wurk sit d’r yn sa’n koer! Mei in protte geduld en soms seare fingers koe elts mei in moaie koer nei hûs. Wat moai dat d’r sa no en dan ek efkes minsken kamen te sjen hoe’t se dwaande wienen.

De woansdei wie ek in die mei in fol programma, want de hoareka en keuken waard klear makke foar de workshop “iten siede sûnder pûdsjes en sekjes”. Wat is d’r lekker iten makke, ek mei de bleate hjouwer wat wy hjir ek noch gewoan yn Jistrum keapje kinne.

Joost Wiersma hie in iepen ynrin by de repetysje dizze woansdeitejûn. Mar ek wie d’r in grut tal sportieve minsken dy’t mei elkoar in slow triatlon diene. Mei elkoar lekker swimme, fytse en rinne.

Yn de soos wie it smoardrok, dêr wie it darttoernoai ynmiddels begûn, in oantal fan de jongerein hienen sels prachtige dartboarden makke. D’r waard yn duo’s strieden mei in soad publyk, wat moai om te sjen dat hjir ek sa folle minsken kamen te sjen en oan te moedigen. Melle Leegstra en Jacob Hamstra wienen de grutte winnaars.
Tongersdeitemoarn kaam Bert Natuur op skoalle en wie yn de grutte seal de falprevinsje foar de âlderein. In grutte opkomst wêr de dielnimmers test waarden op hun falrisiko.

Middeis wie it tiid foar de fytstocht, de fytsers koenen in route fan 25 as 40 kilometer fytse en doe’t se werom kamen wie d’r kofje en cake. It waard efkes spannend mei it waar, mar gelokkich koenen de suppers mei moai waar de Burgumer mar op, se ha fanút it Heksegat krekt de hoeke om west nei de Blauwhoek wêr’t se oan de steiger in drankje hân ha.

Yn de sporthal wie in proefles Streetdance.

Op it fuotbalfjild waard d’r sjippefuotbal dien. It waard in moaie en glêde stried tusken de teams! D’r binne hiel wat fanatyke sjippe sporters yn Jistrum!

Freedtemoarn wie de priisútrikking fan de heechste sinneblom, de prizen waarden útrikt troch Doarpsbelang. Jistrum letterlik yn bloei.

Yn de grutte seal lústerden de minsken nei in workshop oer cybercriminaliteit, it wie tige ynteressant. Dêrnei koe elts meidwaan oan it lekker ite, de hoareka wie moai fol en elts hat hearlik iten wat klear makke wie troch in oantal leden fan doarpsbelang.
Middeis wie de workshop ‘dyn plak yn byld’, kreatyf mei hynder en kleur. De dielnimmers ha ek hjir oan in moaie workshop mei dwaan kint en wat is it dan ek moai om te sjen hoe je elkoar helpe kinne.

Yn de soos wie de lêste aktiviteit foar de bern, ûleballen plúzje, ûnder lieding fan Hedzer Bergsma wienen de bern fol mei konsentraasje oan it sjen wat d’r allegearre wol net yn sa’n bal sit.

De freedtejûn wie d’r in drive in show foar de jongerein yn de soos. En yn de grutte seal wie as ôfslúter de Jistrummer pubquiz! Wat in opkomst, mar leafst 23 teams dienen hjir oan mei, de grutte seal siet fol. Wat in súkses! En wat waard d’r strieden, tillefoans wienen ferbean en elts tocht d’r goed om dat de buorren net it goeie antwurd seagen. Yn it skoft en nei ôfrin wie d’r in optreden fan Kackaphonic, moai dat se spesjaal foar dizze jûn wer optrede woenen!

Op de webside https://jistrum.bloeit.frl/ kinne jo noch folle mear foto’s fan de bloeiwike fine.

Minsken, wat ha wy mei elkoar in machtich moaie bloeiwike hân, in soarte fan doarpsfeest sûnder kater. Wy ha dit mei elkoar dien! Want wat in opkomst (hieltyd wer) by de aktiviteiten, minsken dy’t kamen te sjen as gewoan om in bakje kofje. En ús jongerein dy’t sich ek sa ynsetten ha, dat is de takomst! Minsken ha elkoar moete, wat in mienskip en je praten ek mei oaren wêr je oars net sa gau in praatsje mei ha.
Eltsenien hat ek wol yn ús moaie MFA De Trochset west wêrtroch it ek echt fan ús allegear is.

Hjirby dan ek tige tank foar jim kommen, meidwaan en ek alle help fan de frijwilligers, ek yn de wiken dêrfoar mei alle tariedings yn it MFA.
Dizze bloeiwike hat opnij sjen litten wêr in lyts doarpke oergrislik grut yn wêze kin!!